|
>>2 artikels
yn de Oersdrip nederlands |
fries
*Skriuwersprofyl, juli 2006
Fan Nyk de Vries is fan 't maitiid de roman Prospero ferskynt, as earste yn
de rige Fryske Modernen. Yn 1996 begûn er mei Meindert Talma it tydskrift De Blauwe Fedde
dat yn 2002 foar it lêst ferskynde. Nyk debutearre yn 2000 mei de roman Rezineknyn.
Fierders skreau er yn 'e mande mei Meindert Talma it peteareboek De Blauwe Fedde yn petear
(2001). Neist skriuwer is Nyk de Vries muzikant. Miskien moat dat lêste as earste neamd
wurde, want as muzikant is er begûn en noch altyd warber.
Wannear en wêr berne?
Ik bin berne yn Noardburgum, 2 jannewaris 1971.
Watfoar muzyk en watfoar boeken ynspirearren dy as jongkeardel?
Yn dy tiid stie de muzyk dúdlik op it foarste plak. Dus de grutste ynfloeden wienen
Dylan, Velvet Underground, in protte âldere muzyk, wol faak mei ferhalende teksten. De
earste boeken dy't ik goed fûn, wienen boeken fan de Dútse list, bg boeken as 'Draussen
vor der Tür' fan Borchert.
Wist noch wat it earste boek wie datsto lêzen hast?
It allerearste? Dat sil 'Wolletje op reis' west ha, of 'Om twee schitteroogjes'.
Do wiest sjonger by The Amp. Hat dy tiid dyn skriuwerskip foarme?
Wy songen yn dy tiid yn it Ingels en op in stuit wie dat tefolle in beheining, it idioom
wie te beheind. Doe't de groep ophâlde, wie it skriuwen fan ferhalen it logys ferfolch,
om mear registers iepenlûke te kinnen, en dan fansels yn 'e sprektaal ypf it Ingels út
it wurdboek.
Ik sil / moat skriuwer wurde, wie der in momint fan beslissing
Dat momint is nuver genôch frij resint, sa'n twa moannen lyn nei it ferskinen fan
'Prospero'. Op dat momint seinen minsken om my hinne: 'Aha, dû giest dus troch.' Sa fielt
it ek. Mei ien boek bist eins noch net in skriuwer.
Wat is it lêste boek datsto lêzen hast?
Ik lês op it stuit de biografy fan Paul Verhoeven prachtige tekst oer al de
tûkelteammen dy't er tsjinkomt by it meitsjen fan grutskalige films, mei as konsekwinsje
dat er it úteinlik oan 'e oare kant fan 'e oseaan besiket.
En wat is minste en wat it bêste datst lêze hast?
Wat it earste oangiet: gjin idee. It bêste boek dat ik lêzen ha is Catch 22 fan Jospeh
Heller, alles sit der yn, it is plat en fulgêr, tagelyk yntelligint, poëtys, alles
byinoar wûndermoai.
Wat is it minste oan it sels skriuwen en in bestean as skriuwer?
It is in egoïstys bestean. In skriuwer moat dêr foar oppasse, as er teminsten yn it
libben stean wol en net derneist.
En it bêste oan beide?
It kreëarjen fan in eigen universum, sûnder protte logistike omballingen.
Hast neist it skriuwen noch in berop of in oar ynkommen?
Earst hie ik in bybaantsje by de bekende giel-blauwe Zweedse Meubelgigant. Dêr bin ik
koartby, nei seis en in heal jier, mei ophâlden. Sûnt dy tiid bin ik fulltime
skriuwer/muzikant.
Hast in spesiaal plak om te skriuwen? Ek soksawat as in skriuwersritueel?
Ik ha op allerhanne plakken wol skreaun, yn in caravan op Amelân, yn Grins ûnder de
klokken fan 'e Martinitoer, yn Spanje mei in stikje Bimbo-bôle tusken de kiezzen, mar
úteinlik komt it op ien ding del, ritme. Dan komme de ynjouwings, dan komt fan it iene it
oare.
Wat hast as doel yn dyn libben?
Froeger mei de muzyk hienen we de meast pretinsjeuze doelen. Sûnt de waan de doar út is,
folget it iene min ofte mear logys út it oare. Dat is in stik nofliker, yn alle gefallen
in stik direkter en mei mear resultaat.
Wat is dyn state of mind hjoed?
Om mei rapper Chuck D te sprekken: Tell it like it is. De dingen dy't dúdlik sein wurde
kinne sa dúdlik mooglik sizze. Dat is net altyd maklik, soms moat it mei in omwei.
*Skriuwerskollum 'Perspektyf'
'Begjin april ferskynde myn twadde roman Prospero. It boek is it earste yn 'e
nije rige Fryske Modernen en spilet him foar it grutste part ôf yn Spanje. Myn earste
roman Rezineknyn wie wat foarm en ynhâld oangie hiel ticht by hûs, de Fryske Wâlden.
Mei it nije boek woe ik it fierder sykje, mear fergje. Rezineknyn wie hiel sober. Mei
Prospero woe ik de sobere styl behâlde, mar kwa plot mear laden iepenlûke. Elk boek is
in oanset om nije dingen te besykjen. Myn úteinlike doel is in roman mei alles derop en
deroan, skerpe dialogen, filmys skreaun en mei each foar oarsaak en achtergrûn.
Kompakt en skerp, dat is wol wêr´t it hinne moat lytse universums kreëarje,
wrâlden dy't op harsels steane, wrâlden dêrt men oer twintich jier ek noch
ynkrûpe kin. Ik hâld wat dat oangiet fan tagonklikheid. Ik hâld net fan keunst foar de
keunst. Ik hâld fan boeken dêrst maklik ynkomst en dyt dy dan de sompe ynlûke,
dyt dy dan om e earen slagge mei de kearside fan 'e saak. Wat is der moaier as
in kompakt simmerboek datst by dy stekst yn e kontbûse, dat dy meinimt nei in oare
wrâld, dy úteinlik wer werom bringt, mar dan krekt mei in lytse wikseling fan
perspektyf.
Ik hâld fan dy wûnderlike filmise fiksje, al krûpt it hieltyd wer fol mei
autobiografise eleminten, dêr is neat oan te dwaan, sa liket it. Yn alle gefallen is it
de line dy't ik safolle mooglik fêsthâlde wol, it oplûken fan ferhalen dy't los steane
fan myn eigen deistige werklikheid. Dat is net in doel op himsels, mar it jout de frijheid
om tichter ta de kearn te kommen. Ik wol ferhâldingen sjen litte, sjen litte wêrt
minsken harsels foar de gek hâlde, marsjandearje. Ast dan hieltyd de lju oan e
tillefoan hast, dyst krekt skerp delsette wolst dat wurket net. Dan leist de klam
op e ferkearde dingen, dan bist sûnder datst it wolst oan it paaien of júst it
tsjinoerstelde. It kin miskien wol, mar dan moatst ôfstân ha. Pas dan krijst perspektyf,
pas dan wurdt it mear as it draaien om de eigen kont.
Idee fan perspektyf, dat is sowieso it wichtichste dat ik it lêste skoft leard ha. In
minske hat perspektyf noadich en in skriuwer al hielendal, oars giet it nergens hinne,
oars giet de lêzer (of wa ek mar) ek net mei. It betsjut datst witst wêrst stiest. Dat
liket simpel, mar it is it swierste dat der is. In minske kin net alles mar dwaan of
roppe. Pas geandewei it skriuwen fan Prospero krige ik it werklik yn e gaten. Wat is
belangryk? Wat set ik foarop? Wat komt in ein dêrachter? It is eins as it libben sels. It
is in kwestje fan kiezen. Wat giet yn it jiskefet en mei wa giet it fierder.'
|
|